Wettersport
Snits en it wetter hearre by elkoar…
Snits leit sintraal yn it marregebiet fan de provinsje Fryslân. Yn it sintrum fan de stêd binne Romme en goede oanlizplakken makke dy’t allegear foarsjoen binne fan wetter- en elektisiteits-foarsjennings. By de oanlizplakken binne genôch sanitêre foarsjennings oanlein.
Fanút Snits kinne jo der op út, der binne tal fan farrûtes. En ek foar sylles, ferhier fan in motorboat, sylboat of sloep is der in Romme karút yn Snits. Allyksa fine jo op dizze site praktise wettersportadressen.
Wettersportsintrum
Snits is it wettersportsintrum fan de Súdwesthoeke en ferneamd om syn Snitswike yn de earste wike fan augustus, it grutste sylevenemint fan Nederlân dy’t útein set mei de tradisjonele floatskou. De Snitswike is in must foar de echte sylfan, mar ek minsken dy’t gewoan fan wille en fertier hâlde, wurde op’e winken betsjinne. It is in perfekte wike foar jong en âld, troch in soad folle terrassen, lekker muzyk en in goeie organisaasje…

- Wat der te sjen falt
Snits is in moderne stêd mei in rike histoarje en ryk oan monuminten en âlde stedsgesichten.
- Winkelje
Foar willewinkelje is Snits the place to be / plak om te wêzen
- Utgean
As stappersplak foar Súdwest-Fryslân hat Snits in grut tal útgeansgelegenheden.
- In dei der op út yn Snits
In dei der op út yn Snits? Mooglikheden foar jong en âld!



